Op & Ut fan 14 jannewaris 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Roelof Lousma praat mei syn gasten ûnder oare oer de Sneker Filmwinter, oer in lêzing troch Margriet Brandsma oer Angela Merkel en oer it BankGiro Loterij Teaterwykein.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Fierder binne der live optredens fan Tollak Ollestad op harmoanika en fan sjongeres Ineke Dijkstra en gitarist Lennard Fopma fan Salonorkest Sinnema.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Yn swimbad Blomketerp yn Frjentsjer is sneon 14 jannewaris in demonstraasje fan de kursus ‘Met Auto Te Water’. Fan 12.30 oere ôf. Ofhinklik fan ‘e oanmeldings, sil hjir dêrnei
    alle sneonen sa’n kursus jûn wurde.
    www.metautotewater.nl
    www.zwembadbloemketerp.nl
    - Bauke Deelstra docht ferslach fan ‘e hynstekeuring yn it WTC-Expo yn Ljouwert.
    www.faderpaard.nl
    - Sneker Filmwinter 2017. Fan 19 o/m 22 jannewaris yn CineSneek yn Snits.
    www.snekerfilmwinter.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Nijjierskonsert troch muzykferiening ‘Ons Genoegen’ út Marsum, m.m.f. Tollak Ollestad op harmoanika. Snein 15 jannewaris om 11.00 oere yn doarpshûs ‘Nij Franjum’ yn Marsum.
    www.tollak.com
    www.onsgenoegenmarssum.nl
    - Clara Rullmann fertelt yn in muzikale lêzing (mei piano) oer har ûnderfinings yn in bernetehûs op Sumba (Indonesië). Snein 15 jannewaris om 16.00 oere yn It Garnalefabryk yn Moddergat.
    www.garnalefabryk.nl
    www.clararullmann.nl
    - Bauke Deelstra docht ferslach fan ‘e hynstekeuring yn it WTC-Expo yn Ljouwert.
    www.faderpaard.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Nijjierskonsert troch Salonorkest Sinnema yn de Fermanje yn Ljouwert. Snein 15 jannewaris om 15.30 oere.
    www.salonorkestsinnema.nl
    - De Fryske teaters De Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten en Theater Sneek yn Snits dogge op 20, 21 en 22 jannewaris mei oan it lannelike BankGiro Loterij Teaterwykein.
    www.harmonie.nl
    www.lawei.nl
    www.theatersneek.nl
    www.nationaaltheaterweekend.nl
    - Lêzing troch Margriet Brandsma oer Angela Merkel yn de Van Harenstsjerke yn St. Anne. Snein 15 jannewaris om 15.00 oere.
    www.margrietbrandsma.nl
    www.vanharenskerk.nl

    09:17 - Crowded House - Don't Dream It's Over
    09:34 - Adele - Water Under The Bridge
    09:45 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
    09:54 - Sabrina Starke - Do For Love
    10:24 - Bill Withers - Lovely Day
    11:36 - Coldplay - Magic

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)