Op & Ut fan 13 maaie 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in eksposysje oer stensilmasjines, oer de foarstelling ‘Chains of Hope’ fan it ‘4 mei-projekt Groningen’ en oer de 2e ‘Fûn Footage Jûn’ by Slieker Film.

Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Fierder binne der live optredens fan The Memphis Four en fan Wim Douma & De Welpen.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Eksposysje ‘Gestetner stencilmachines, het facebook van vervlogen tijden’ yn Museum Joure op ‘e Jouwer. Fan 13 maaie oant 29 oktober 2017.
www.museumjoure.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat en oer ‘(On)zichtbaar Grondwater’ yn it Koepelteater yn Ljouwert. Sneon 13 maaie fan 13.30-17.00 oere.
www.fryslan.frl/grondwater
www.koepeltheater.nl
www.facebook.com/events/280071345784540/
- Resto VanHarte iepenet twa ‘KinderResto’s’ yn de wiken Achter de Hoven en Bilgaard yn Ljouwert. Opjaan kin fia kinderresto@restovanharte.nl
www.restovanharte.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan The Memphis Four. Yn Neushoorn yn Ljouwert is in Rockabilly Blitz m.m.f. The Tinstars ft. Ruby Pearl, Tess & Her Highway Patrol en The Memphis Four. Sneon 13 maaie om 20.00 oere.
www.neushoorn.nl
www.facebook.com/thememphisfourNL/
- Koar fan it ‘4 mei-projekt Groningen’ bringt foarstelling ‘Chains of Hope’. Snein 14 maaie om 15.30 oere yn De Groate Kerk yn St. Jabik.
www.4meiprojekt.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Twadde ‘Fûn Footage Jûn’ yn Slieker Film yn Ljouwert. Tema: ‘Lân yn opbou’. Tongersdei 18 maaie om 20.00 oere.
www.sliekerfilm.nl
www.friesfilmarchief.nl

3e oere (11.00-12.00)
- Live optreden fan Wim Douma & De Welpen. Sneon 13 maaie om 20.00 oere jouwe se in CD-presintaasje yn mfc Hústerwâld yn Aldwâld.
www.facebook.com/WimendeWelpen/
www.facebook.com/Husterwald/
- Gerard Alderliefste en Geartsje Zwerver jouwe ûnder de titel ‘Frysk en Frâns’ in konsert yn de Teatertún yn Riis. Snein 14 maaie om 15.00 oere.
www.teatertun.nl
www.gerardalderliefste.nl
www.facebook.com/geartsje.zwerver
www.facebook.com/zangeresGeartsjeZwerver/
- Op snein 14 maaie binne der 3 premjêres fan komposysjes fan Sipke Hoekstra:
* Premjêre ‘Spectrum a 4’ troch it Colori Ensemble. Om 11.00 oere yn de Lawei yn Drachten (wurdt letter ek noch útfierd yn de Groate Kerk yn St. Jabik, op snein 21 maaie om 15.30 oere).
* Premjêre ‘Kyrie yn E flat major’ en ‘The Passion of Prometheus’ troch Tetsje van der Kooi, Maarten Romkes, Ben Brunt en Mingd Koar Grou û.l.f. Hans Algra. Om 14.30 en om 16.30 oere yn de Sint Pitertsjerke yn Grou. By dit konsert wurdt ek de lietesyklus "'t Is letter as men tinkt' fan Jan de Jong útfierd.
www.sipkehoekstra.com
www.lawei.nl
www.grousterkoar.nl
www.groatekerk.nl
- Kick-off Party fan Jaan.nl yn teater De Bres yn Ljouwert. Tongersdei 18 maaie om 19.30 oere.
www.jaan.nl
www.theaterdebres.nl

09:17 - Billy Joel - You're Only Human
09:45 - Harry Styles - Sign Of The Times
10:23 - Chainsmokers - Paris
10:35 - Og3Ne - Lights And Shadows (Eurovision 2017 - The Netherlands)
11:23 - Ellie Goulding - Still Falling For You
11:35 - Marco Borsato - Dromen Zijn Bedrog

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)