Op & Ut fan 12 septimber 2015 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de iepen momumintedei, oer de premjêre fan de iepenloftopera Faust yn Riis, oer it Frysk literêr festival 'Swalk' en oer it Keunst- en Kultuerwykein yn Ferwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan de pianiste Rixt van der Kooij en trûbadour Piter Wilkens.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer.
- Premjêre iepenloft-opera Faust troch Go! Opera yn de Teatertún yn Riis.
www.GOopera.nl
- Eksposysje 'Friezen op besite by Marijke Meu' yn Oranjewâld
www.landgoedoranjewoud.nl
- Foarstellings dy't it kommende teaterseisoen te sjen binne yn mfa De Ynset yn Holwert.
www.mfa-holwerd.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Literêr muzykprogramma m.m.f. û.o. pianiste Rixt van der Kooij. Freed 18 septimber om 19.30 oere yn de kosterij fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Organisaasje: Frysk en Frij.
- Aktiviteiten yn Ljouwert yn it ramt fan de iepen monumintedei
https://historischcentrumleeuwarden.nl/agenda
www.aedlevwerd.nl
www.openmonumentendag.nl
- Súdwest Fryslân iepenet it nije kulturele seisoen mei in frUITmarkt yn Snits. Sneon 12 septimber fan 11.00 oant 17.00 oere.
www.fruitmarkt.cultuurkwartier.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Trûbadour Piter Wilkens oer syn nije muzykfoarstelling 'Libbene stiennen'
www.piterwilkens.nl
- Frysk literêr festival 'Swalk'
www.swalk.nl
- Fotografe Jenny Boot út Snits hat op it stuit 2 eksposysjes rinnen yn New York.
www.jennyboot.nl
- Keunst- en Kultuerwykein yn Ferwert
http://www.itnutferwert-hegebeintum.nl/agenda/

09:19 - Stevie Wonder - Master Blaster
09:43 - Sake - Skoal
10:26 - Jack Bottleneck - Shoulda' Known Better
10:33 - Ilse Delange - So Incredible
10:45 - Brigitte Kaandorp & Herman Finkers - Duet
10:54 - Raymond Van Het Groenewoud - Cha Cha Cha
Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)