Op & Ut fan 12 maart 2016 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it Korpsenfestival fan Femuza yn Nylân, it stik 'Dûbel op' fan toanielferiening 'Op 'e Nij Bigoun' út Aldegea (Sm.) en de 2e edysje fan JazzNtaste yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Fierder binne der live optredens fan it NNO-ensemble Trio Divertimento en de band Tenedle.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Korpsenfestival fan Femuza. Sneon 12 maart yn mfc De Mande yn Nylân. It middeisprogramma begjint om 15.00 oere en it jûnsprogramma om 19.00 oere. De tagong is fergees.
www.femuza.nl
https://www.facebook.com/Femuza/
- De Bogerman Bigband fiert har 30-jierrich bestean mei in jubileumkonsert yn Theater Sneek yn Snits. Snein 13 maart om 16.00 oere.
www.facebook.com/BogermanBigband
www.theatersneek.nl
- LC-sjoernaliste Kristen van Santen ynterviewt de Ljouwerter skriuwer Adwin de Kluyver oer syn debút 'Terug uit de Witte Hel'. Tongersdei 17 maart om 19.30 oere by boekhannel Van Der Velde yn Ljouwert. Tagong fergees. Reserveare kin fia: info@boekhandelvandervelde.nl
www.adwindekluyver.nl
https://www.boekhandelvandervelde.nl/nl/evenementen/leeuwarden/adwin-de-...

2e oere (10.00-11.00)
- Maitiidskonsert troch it NNO-ensemble Trio Divertimento. Sneon 12 maart om 16.00 oere yn de Doarpstsjerke yn Beetstersweach.
www.cultbee.nl
www.nno.nu
- Toanielferiening 'Op 'e Nij Bigoun' út Aldegea (Sm.) spilet 'Dubel op', in klucht fan Jon van Eerd yn in Fryske oersetting fan Baukje Stavinga. Fanwege de grutte belangstelling wurdt it stik noch in kear opfierd op freed 18 maart om 20.00 oere yn de Skippersseal yn Aldegea (Sm.). De oare útfierings (op 4, 5, 11 en 12 mrt.) binne allegear útferkocht.
http://www.op-e-nij-bigoun.nl
https://www.facebook.com/Toanielferiening-Op-e-Nij-Bigoun-82424955758943...
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Optreden fan Tenedle yn Neushoorn yn Ljouwert. Sneon 12 maart om 20.30 oere.
http://www.neushoorn.nl/nl/event/63509/tenedle
www.tenedle.com
- 2e edysje fan JazzNtaste, in kulinêre jazztour by ferskillende horekagelegenheden yn Ljouwert del. Snein 20 maart fan 13.30 oere ôf.
http://www.lwdsmaakstad.nl/evenementens/jazzntaste/
https://www.facebook.com/cityjazzleeuwarden/
- Lieten fan Arthur Honegger steane sintraal yn it 2e konsert fan it Vocaal drieluik: Groupe des six. Snein 13 maart om 15.00 oere yn de Fermanje oan 'e Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert.
www.vocaaldrieluik.nl
- Holland Opera is mei de famyljefoarstelling '4 Musketiers' te sjen yn it Posthûsteater op It Hearrenfean. Sneon 12 maart om 19.15 oere (freed 11 maart om 19.30 oere is dizze foarstelling ek te sjen yn De Harmonie yn Ljouwert).
www.posthuistheater.nl
www.hollandopera.nl
www.harmonie.nl

09:20 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
09:33 - Meghan Trainor & John Legend - Like I'm Gonna Lose You
09:44 - Extreme - More Than Words
10:33 - Xavier Rudd - Follow The Sun
11:31 - Duke Dumont - Ocean Drive
11:42 - Diana Ross - Reflections
Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)