Op & Ut fan 11 novimber 2017 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer in spesjale iepen monumintedei yn Ljouwert, oer ‘Gleon yn de keet’ troch Douwe Kootstra en oaren en oer de ynstallaasje ‘Utwrydsk’ fan Pietsjanke Fokkema yn it Fries Museum yn Ljouwert.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
En der wurde live optredens fersoarge troch Wiebe Kaspers en Jaap Louwes.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Yn Ljouwert is op sneon 11 novimber in unike ‘Open Monumentendag Special’. It tema ‘Nieuw gebruik – Oud gebouw’ giet oer nij libben foar histoarysk weardefolle gebouwen yn ‘e sted. Eksklusyf foar dizze dei binne acht gebouwen iepensteld, wêrfan in tal noch nea earder iepensteld west ha.
www.openmonumentendag.nl
- Douwe Kootstra fertelt oer it koartlyn ferskynde boek ‘De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen’ en oer de jûnen mei de titel ‘Gleon yn de keet’, dy’t hy nei oanlieding fan it ferskinen fan dit boek, yn ‘e mande mei Sietse Sneekweek en dj ‘Heet in de mond’ fersoargje sil.
www.douwekootstra.nl/agenda/
www.regaad.nl/wp/gleon-yn-e-keet/
- 1ste Friejam Jazz Festival yn Neushoorn yn Ljouwert. Sneon 11 novimber om 19.30 oere.
www.neushoorn.nl/nl/event/80037/friejam-jazzfestival

2e oere (10.00-11.00)
- Live optreden fan Wiebe Kaspers.
www.wiebe.nu
- Op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert geane op sneon 11 novimber trije Fryslân Dok dokumintêres yn premjêre. It giet om de films Pamietamy fan Anne van Slageren, Thúshaven Bartlehiem fan Froukje van Wengerden en Romania Romania fan Murk-Jaep van der Schaaf. De films wurde fertoand op it festival op 11 novimber om 12.45 oere en om 14.15 oere. Fryslân Dok redakteur Piter Tjeerdsma fertelt der mear oer yn Op & Ut.
www.noordelijkfilmfestival.nl
www.omropfryslan.nl/aksje
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

3e oere (11.00-12.00)
- ‘Literatuer en muzyk op sneintemiddei’. Snein 12 novimber om 15.30 oere yn de Skierstins yn Feanwâlden. Mei optredens fan de skriuwers Willem Verf en Ale S. van Zandbergen en trûbadoer Jaap Louwes. Jaap Louwes fersoarget ek live optredens yn Op & Ut.
www.schierstins.nl
www.jaaplouwes.nl
- Anne Feddema fertelt oer syn nije projekt foar 2018.
www.oudoostvertelt.nl
- COV Steenwijk (Christelijke Oratorium Vereniging Steenwijk en omstreken) bestiet 70 jier en dat wurdt fierd mei in útfiering fan de Hohe Messe fan Bach. Sneon 18 novimber om 20.00 oere yn de Grutte Tsjerke fan Stienwyk.
www.covsteenwijk.nl
- O/m 31 desimber toant it Fries Museum yn Ljouwert de resultaten fan twa opdrachten yn de eksposysje ‘Aanwinsten: het museum als opdrachtgever’. Sa is der in ynstallaasje mei 150 tekeningen fan Pietsjanke Fokkema te sjen, wêryn sy ûnder oare weromsjocht op har Fryske famylje en eftergrûn.
www.friesmuseum.nl/te-zien-en-te-doen/tentoonstellingen/aanwinsten-1/
www.pietsjankefokkema.nl

09:06 - Imagine Dragons - Thunder
09:17 - Lady Antebellum - Need You Now
09:35 - A-Ha - Take On Me
09:45 - Estafest - Frankie
10:06 - Gloria Gaynor - I Will Survive
10:34 - Chickens Go Mad - Wat Is It Moai
11:05 - Lene Marlin - Sitting Down Here
11:36 - Justin Bieber - What Do You Mean

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)