Op & Ut fan 11 juny 2016 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintatrise Geartsje de Vries praat mei har gasten ûnder mear oer de iepenloftspullen yn Wergea en Easterwierrum, it kultureel festival ‘Ut Sneek’ en de ‘Histhoreca-tour’ troch Ljouwert.
    Ek wurdt der yn Op & Ut ferslach dien fan de iepen dei op ‘e fleanbasis yn Ljouwert en fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
    Fierder binne der live optredens fan sjongeres Yldou Gijssen en gitarist Noël Hoekstra (sy trede ek op tidens ‘Ut Sneek’) en in 7-man sterk ensemble spilet blue-grass muzyk út ‘De Suvering’, it iepenloftspul fan Wergea.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer
    - Iepen dagen op ‘e fleanbasis Ljouwert op freed 10 en sneon 11 juny.
    www.omropfryslan.nl/loftmachtdagen
    www.defensie.nl/onderwerpen/luchtmachtdagen
    - ‘Kom bij de boer’. Sneon 11 juny fan 10.00-16.00 oere yn Damwâld en omkriten. De dielnimmende bedriuwen binne te finen oan De Hoek 10 yn Feanwâlden, it Bûtefjild 40 yn yn Feanwâlden, de Dammeloane 46 yn Damwâld, de Koailoane 7 yn Walterswâld en de Koailoane 12 yn Damwâld.
    www.vanplan.nl/uitje/kom-de-bij-boer-37053256
    - ‘Histhoreca-tour’: kulinêre kuier troch de binnenstêd fan Ljouwert by histoaryske horeka-gelegenheden del. Mei bysûndere ferhalen en lekkere hapkes. Sneon 18 juny fan 10.00 oere ôf
    www.lwdsmaakstad.nl
    www.historischcentrumleeuwarden.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Kultureel festival ‘Ut Sneek’ yn Snits. Sneon 11 juny fan 11.30 oant 18.00 oere yn it sintrum fan Snits.
    www.utsneek.nl
    - Iepen dagen op ‘e fleanbasis Ljouwert op freed 10 en sneon 11 juny.
    www.omropfryslan.nl/loftmachtdagen
    www.defensie.nl/onderwerpen/luchtmachtdagen
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Iepenloftspul Wergea: ‘De Suvering’.
    www.desuvering.nl
    - Berne-iepenloftspul Easterwierrum: ‘De Geast fan Spultsjelittens’
    www.bis2016.nl
    - Iepen dagen op ‘e fleanbasis Ljouwert op freed 10 en sneon 11 juny.
    www.omropfryslan.nl/loftmachtdagen
    www.defensie.nl/onderwerpen/luchtmachtdagen
    - Pieter Winsemius fertelt oer syn nijste boek: ‘Rowena. De sage van een Friese prinses’. Dit boek wurdt sneon 11 juny om 15.00 oere presintearre yn restaurant Noflik Easterein yn Easterein.
    www.wijdemeer.nl

    09:18 - Huey Lewis & The News - Stuck With You
    09:33 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    09:44 - Soul Asylum - Runaway Train
    09:54 - Meghan Trainor - All About That Bass
    10:24 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    10:30 - Marco Borsato & Matt Simons - Breng Me Naar Het Water
    10:51 - Alain Clark - Back In My World
    11:33 - Soulsister - The Way To Your Heart

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)