Op & Ut fan 11 july 2015 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de keunstrûte De Open Stal yn Aldeberkeap, de Skûtsjewike yn Grou en de ekskurzjes fan It Fryske Gea.
    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en John Havinga oer it waar.
    Fierder is der in live optreden fan the Soul Survivors.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer.
    - Iepen túnwykein op de hobbykwekerij mei deilely's fan Martin Adema op it kompleks de 'Zandige Wijk' yn Drachten. 11 en 12 july fan 10.00-16.00 oere.
    www.hobbykwekerij-daglelies.nl
    - Keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap fan 11 july o/m 9 augustus.
    www.openstal.nl
    - Skûtsjewike yn Grou. Fan 10 o/m 19 july.
    www.skutsjewike.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Oprop foar kandidaten foar it nije programma 'Ik bin benijd!'.
    www.omropfryslan.nl/ikbinbenijd
    - Iepenstelling foar publyk fan it luchtplak fan de finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen. Fan 11 july o/m 31 augustus.
    http://www.gevangenismuseum.nl/in-en-rond-het-museum/norgerhaven.html
    - Clemens van den Brink fertelt oer syn boek 'Bajesverhalen...Veenhuizen'.
    www.gevangenisveenhuizen.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman John Havinga mei in praatsje oer waar en klimaat
    www.omropfryslan.nl/waar

    3e oere (11.00-12.00)
    - Optreden fan the Soul Survivors.
    www.soulsurvivors.nl
    - Atelierrûte Slikwerk op it Bildt. 11 en 12 july fan 13.00-18.00 oere.
    www.slikwerk.nl
    - Ekskurzjes fan It Fryske Gea.
    www.itfryskegea.nl
    - Oprop foar dielnimmers oan 'Wijk & Water Battle'.
    www.wijkenwaterbattle.nl

    09:22 - Fleetwood Mac - As Long As You Follow
    09:34 - Anouk - New Day
    09:45 - Dave Barnes - Little Lies
    10:15 - Charles Aznavour - The Old Fashioned Way
    10:31 - Sting - This Cowboy Song
    10:45 - Omara Portuondo - No Me Vayas A Enganar
    11:21 - Sade - The Sweetest Taboo
    11:54 - Hobby Horse - Summertime Summertime

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)