Op & Ut fan 11 febrewaris 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de foarstelling ‘Hair’ yn de Harmonie yn Ljouwert, oer de Stinzeflora-monitor en oer 3 ferskillende útstallings (yn it Fries Museum yn Ljouwert , yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits en by Sûnenz yn Drachten).

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Fierder binne der live optredens fan 3 leden fan it sigeurnerorkest Frysk Csárdás en fan Marjolein Meijers en Walter Kuipers.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natuer
    - Fan 11 febrewaris ôf is de Stinzenflora-monitor wer online. De Stinzenflora-monitor jout alle wiken aktuele ynformaasje oer 10 lokaasjes dêr’t stinzeplanten yn bloei steane. De website is aktyf fan 11 febrewaris oant 14 maaie 2017.
    www.stinze-stiens.nl/stinzenflora-monitor/
    - De foarstelling ‘Hair’ stiet fan 16 o/m 19 febrewaris yn de Harmonie yn Ljouwert. De Harmonie hâldt ‘Haar voor Hair’ om dizze foarstellings hinne. Foarôfgeand oan de foarstellings is der in kapper oanwêzich, foar wa’t syn of har hier doneare wol oan de stichting Haarwensen. De donateurs krije in frijkaart foar de musical.
    www.harmonie.nl
    www.haarwensen.nl
    www.hairdemusical.nl
    - Yn it Iepen Atelier toant it Fries Museum in part fan it wurk fan keunstner Koos van der Sloot. Yn ‘e lêste wike, fan 14 o/m 19 febrewaris, is Koos van der Sloot sels oan it wurk yn it Iepen Atelier.
    www.friesmuseum.nl/te-zien-en-te-doen/activiteiten/open-atelier-koos-van...
    www.koosvandersloot.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Konsert Frysk Csárdás yn de Fermanje oan it Skilwyk yn Boalsert. Snein 12 febrewaris om 15.00 oere.
    www.fryskcsardas.nl
    www.boog-bolsward.nl
    - ‘Topzondag met Koffiegeur’ mei fanfare CMV Harmonie Sneek mei trombonist Mark Boonstra. Snein 12 febrewaris om 11.30 oere yn de Noardertsjerkeseal yn Snits.
    www.theatersneek.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Marjolein Meijers en oaren steane sneon 11 febrewaris mei har programma ‘Lust’ yn restaurant Dream yn Dokkumer Nijesilen. Dit konsert is lykwols útferkocht! Op sneon 8 april binne se mei it programma ‘Familieband’ / ‘Muziek’ te sjen en te hearren yn de Harmonie yn Ljouwert. Om 20.15 oere.
    www.marjoleinmeijers.nl
    www.harmonie.nl
    - Eksposysje ‘Er is iets groots, iets wilds en rustigs gaande’, útstalling oer âlderein, yntimiteit en seksualiteit. Fan 14 febrewaris o/m 11 april by Sûnenz oan de Boargemaster Wuitewei 140 B yn Drachten.
    www.sunenz.nl
    - Utstalling ‘Ik wou dat ik twee hondjes was’ yn Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Fan 28 jannewaris oant 4 juny 2017. Keunstner Eline Janssens, dy’t hiel bot by dizze eksposysje belutsen is, jout yn oansluting op dizze útstalling, in lêzing ûnder de titel ‘De geschiedenis van Staffordshire honden’. Dizze lêzing is op woansdei 15 febrewaris om 19.30 oere.
    www.friesscheepvaartmuseum.nl
    www.eline-janssens.nl
    - Marc de Hond is mei de foarstelling ‘Wie bang is, krijgt ook klappen’ te sjen yn Theater Sneek yn Snits (sneon 11 febrewaris om 20.15 oere) en yn De Harmonie yn Ljouwert (sneon 25 febrewaris om 20.30 oere).
    www.marcdehond.nl
    www.theatersneek.nl
    www.harmonie.nl

    Johan de Jong mei de natuerrubryk

    Sigeunerorkest Frysk Csárdás

    Klaas Piekstra mei de túnrubryk

    Marjolein Meijers

    09:19 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
    09:34 - James Tw - When You Love Someone
    09:47 - Fifth Dimension - Aquarius_Let The Sunshine In (Single Version)
    10:33 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
    11:25 - Dnce - Cake By The Ocean
    11:36 - Ellen Ten Damme - Durf Jij

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)