Op & Ut fan 10 juny 2017 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende ûnderwerpen.
    Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer aktiviteiten yn it ramt fan de ‘Week van de Mediation’, oer in lêzing fan Arjan Dwarshuis, de meast ferneamde fûgeler fan Nederlân en oer 2 ferskillende iepenloftspullen (yn Wytmarsum en yn Spannum).

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Jacob Bijlsma oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Jacob Bijlsma mei nijs út de natuer
    - De meast ferneamde fûgeler fan Nederlân, Arjan Dwarshuis, jout in lêzing yn De Fûgelhelling yn Oerterp. Hy hat yn 2016 mear as 6800 ferskillende soarten fûgels waarnommen. Sneon 10 juny om 19.30 oere.
    www.defugelhelling.nl
    http://arjandwarshuis.com/
    - Fan 12 o/m 16 juny is de lannelike ‘Week van de Mediation’. Yn Fryslân binne 3 aktiviteiten yn it ramt fan dizze wike. Sa kin it winkeljend publyk yn Ljouwert bygelyks yn ‘e kunde komme mei mediation op freed 16 juny fan 13-16 oere.
    www.weekvandemediation.nl
    - Spannum bringt mei de lokaasje-teaterfoarstelling ‘It Kistke fan Sybrant Roorda’ de midsieuwen ta libben. De foarstellings binne fan 12 o/m 18 juny.
    www.roordaspannum.nl
    www.facebook.com/roordaspannum/

    2e oere (10.00-11.00)
    - Nijkleaster hat yn gearwurking mei pianist Wiebe Kaspers, in útfiering fan de Canto Ostinato fan de Nederlânske komponist Simeon ten Holt organisearre. Op sneon 21 juny om 21.00 oere yn de Redbadtsjerke yn Jorwert.
    www.wiebekaspers.nl
    https://nijkleaster.frl/canto-ostinato-midzomernacht-concert-21-juni-2017/
    - Op de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge is 6 juny lêstlyn in oersjoch-eksposysje iepene oer de skiednis fan de Folkshegeskoalle en de bysûndere lokaasje dêr’t de FHS al hast 70 jier kursussen en fakânsjes oanbiedt. De eksposysje is alle dagen frij te besjen tusken 09.00 en 18.00 oere.
    www.folkshegeskoalle.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Natoer-ekspedysje ‘Ontwakend Landschap’, yn kombinaasje mei de foarstelling ‘Koning van het Grasland’. Sneon 17 juny yn Warkum en sneon 8 july yn Haskerdiken.
    www.pier21.nl
    - Yn de kleastertún fan it eardere Augustijnenkleaster yn Wytmarsum binne op 16, 17 en 18 juny opfierings fan it iepenloftspul ‘Nonne Gekte’.
    www.surprisewitmarsum.nl
    - De wurkgroep ‘Geloof en Homoseksualiteit’ bestiet 25 jier. De jubileumfiering is snein 11 juny om 15.00 oere yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost.
    www.werkgroepgh.nl
    - Yn Baard wurdt op freed 16 juny om 14.00 oere de Dekemastins memorial ûntbleate. Inisjatyfnimmers Alex Marjew en Aukje Bergwerff-de Boer fertelle hjir mear oer yn Op & Ut.
    www.dekemastins.nl

    09:16 - John Waite - Missing You
    09:46 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
    10:16 - Randy Newman - Short People
    10:35 - Bruno Mars - That's What I Like
    10:47 - Rowwen Heze Mei Nynke Laverman - Droemvlucht (Single Fersy)
    11:15 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon
    11:34 - Hans De Booy - Annabel
    11:46 - Robert Long - Thorbeckeplein

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)