Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten.
Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder oare oer de lêzing ‘Sterren boven het Wad’ yn Moddergat, oer de musical ‘Ciske de Rat’ yn Ljouwert en oer de iepenloftfoarstellings ‘Tsjoensters fan Ie’ yn Kollumersweach en ‘In see fan lân’ yn Snakkerbuorren.
Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
Alle ûnderwerpen:
1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natuer
- Nei in restauraasje, sil de Protestantse tsjerke yn Langwar op sneon 1 july op ‘e nij yn gebrûk nommen wurde. De tsjerke kin yn ‘e simmermoannen alle sneontemiddeis besjoen wurde fan 13.30-17.00 oere.
www.kerklangweer.nl
www.tsjerkepaad.nl
- Ferskillende leden fan Groei & Bloei hâlden sneon 1 july en snein 2 july iepen tún. Ien fan de dielnimmers is Willemijne Jorritsma fan ‘De Kleine Prairie’, in ‘kijktuin’ en kwekerij mei Amerikaanse planten. It adres is: Breewei 22 op ‘e Tynje. Beide dagen fan 10.00-17.00 oere. Letter yn it seisoen binne hjir ek noch iepen túnwykeinen: 29/30 july en 2/3 septimber.
www.dekleineprairie.nl
www.drachten.groei.nl
www.heerenveen.groei.nl
www.leeuwarden.groei.nl
- It Masquerade Theater presintearret it iepenloftspul ‘Tsjoensters fan Ie’. Fan 7 o/m 15 july oan ‘e Foarwei yn Kollumersweach.
www.masqueradetheater.nl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
2e oere (10.00-11.00)
- Lêzing ‘Sterren boven het Wad’ troch Peer Zaal. Sneon 8 july om 20.00 oere yn It Garnalefabryk yn Moddergat.
www.garnalefabryk.nl
- Emotiondei yn Appelskea oer alle foarmen fan elektrysk ferfier. Sneon 1 july fan 10.00 oant 17.00 oere .
www.emotiondag.nl
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra.
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.
3e oere (11.00-12.00)
- Muzykteaterfoarstelling ‘Updiggin’ yn de Noardertsjerkeseal yn Theater Sneek yn Snits. Sneon 1 july om 20.00 oere en snein 2 july om 15.00 oere.
www.solaceiguess.com
www.facebook.com/solaceiguess/
www.theatersneek.nl
- Stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert slút it teaterseizoen ôf mei de musical Ciske de Rat. Fan 5 o/m 9 july.
www.harmonie.nl
www.stage-entertainment.nl
- Iepenloftspul ‘In see fan lân’ fan Snakkerbuorren wurdt opfierd fan 5 o/m 16 july. Lokaasje is it iepenloftteater yn de Doarpstún.
www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl
www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
- Regio-koördinator Tjitske de Heij fertelt oer ‘Vier het Leven Friesland’. De stichting ‘Vier het Leven’ organisearret kulturele aktiviteiten foar 65-plussers dy’t net graach allinnich op stap geane. Belangstellenden wurde thús ophelle troch in gasthear of gastfrou foar in besite oan it teater. Foar mear ynformaasje kin belle wurde mei it (lannelike) till.nr.: 035 – 524 51 56.
www.4hetleven.nl