Op & Ut fan 1 augustus 2015 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de iepenstelling fan tún en park fan it lânguod Oranjestein yn Oranjewâld, oer in oargelkonsert op it Hinsz-oargel fan de Martini-tsjerke yn Boalsert troch James O'Donnell, de oargelist fan de Westminster Abbey yn Londen en oer it 'Nomadisch Drijvend Filmfestival' yn Terherne.
    Fierder binne der live muzyk optredens fan it trio fan Hessel bij de Leij en de band Salammusik.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer
    - 5e Biltske Rembrandtmerk
    www.rembrandtmarkt.nl
    - It 'Bildts Dokumintasysintrum' stiet op 'e Rembrandtmerk mei ynformaasje oer it boek 'Johannes Blanksma, melkventer in de ban van penseel en palet' dat yn oktober 2015 útkomt.
    www.bildtsdokumintasysintrum.nl
    - Histoaryske reddingboaten lizze oan by it Kazemattenmuseum op Koarnwertersân.
    http://www.kazemattenmuseum.nl/?land=nl&id=1
    - Tún en park fan lânguod Oranjestein yn Oranjewâld binne dizze simmer iepen op de sneintemiddeis fan 13.00-17.00 oere yn de moannen augustus, septimber en o/m heal oktober.
    www.oranjestein.com

    2e oere (10.00-11.00)
    - Live optreden fan trio fan Hessel bij de Leij. It trio jout snein 2 augustus om 15.00 oere in konsert yn de Fermanje yn Ljouwert.
    http://www.appassionata-leeuwarden.nl/
    - Snitswike-programma
    www.sneekismeer.nl
    www.sneekweek.nl
    - James O'Donnell, de oargelist fan de Westminster Abbey yn Londen, jout in konsert op it Hinsz-oargel fan de Martini-tsjerke yn Boalsert. Sneon 1 augustus om 20.00 oere.
    http://martinikerkbolsward.nl/actueel/concerten-en-uitvoeringen/
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Live optreden fan de band Salammusik.
    www.salammusik.com
    - 25-jierrich jubileum Natoermerk by De Kruidhof yn Bûtenpost. Woansdei 5 augustus fan 10.00 oant 17.00 oere.
    www.dekruidhof.nl
    - Keunstner Suzan Bosch jout workshop 'papier meitsje fan gers' op Natoermerk yn Bûtenpost. Dit as start fan har nije projekt '50 shades of Green'.
    www.suzanbosch.nl
    - Huoddemakster Anneke Langenberg fertelt oer de huodden en mûtsen dy't sy ûntworpen hat foar minsken dy't bygelyks troch chemo-terapy tydlik gjin hier ha.
    www.eltsenien.frl
    - 'Nomadisch Drijvend Filmfestival' yn Terherne. Fan 6 o/m 8 augustus.
    www.nomadischdrijvendfilmfestival.nl
    www.facebook.com/nomadischdrijvendfilmfestival

    09:15 - Fleetwood Mac - Everywhere
    09:40 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
    09:52 - Andrew Gold - Never Let Her Slip Away
    10:24 - Corrs - Radio
    10:48 - Racoon - No Mercy
    11:24 - Goede Doel - Vriendschap

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)