Op en Ut fan 9 novimber 2013 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de feestlike jubileum-edysje fan Holy Stitch yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, 'It Hûs fan de dichter' yn Hantum en de konsertrige Frysk Muzyk Argyf yn Snits.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 10e en feestlike jubileum-edysje fan de beurs Holy Stitch yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert
www.holystitch.nl
- Iepen dei op soarchlânguod Laagduurswoude yn Makkingea
www.zorglandgoedlaagduurswoude.nl
- Konsert 'Novemberwinds' mei fanfare De Bazuin yn de Pypketsjerke fan Stynsgea
www.fanfaredebazuin.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert Autunno Ensemble mei selliste Dana de Vries yn de Grutte tsjerke yn Dokkum.
www.danadevries.nl www.autunno-ensemble.nl
- Feestwykein '50 jier Museum it Admiraliteitshûs yn Dokkum'
www.museumdokkum.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Bertus Borgers mei de foarstelling 'Ik hou van Herman' yn de Klameare yn Warkum
www.nutworkum.nl www.bertusborgers.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Masterferteller Erik Post yn 'It Hûs fan de Dichter' oan De Terpen 27 yn Hantum. Snein 10 novimber om 15.00 oere. (oanmelde op 0519-222851 of info@akkebrouwer.nl)
www.akkebrouwer.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer te sjen binne
www.theaterdekoornbeurs.nl
- Lêzing 'Sporend in en om Wenen' yn kafee Wouters yn Ljouwert
http://www.nvbs.com/toon.php?pag=Afd_Noord
- Konsertrige 'Frysk Muzyk Argyf' yn Snits
www.fryskmuzykargyf.nl

Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)