Op en Ut fan 9 augustus 2014 09:00

    Der binne wer tal fan búten aktiviteiten yn ús provinsje sa as de Turfvaartdagen yn Appelskea, de hynstemarathon yn Harns, Poetry Slam yn de Prinsentún yn Ljouwert, mar der binne fansels ek wer nijsgjirrige tentoanstellings lykas Koeien op het doek yn museum Opsterlân.
    Fierder yn Op & Ut de fêste saken lykas de natoer rubryk fan Johan de Jong, de túntips fan Klaas Piekstra en it wykeinwaarberjocht fan Piet Paulusma.

    Underwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - de Frije Cros Blije.
    www.frijecross.nl
    - Turfvaartdagen yn Appelskea
    www.turfvaartdagen.nl
    - Hynstemarathon yn Harns.

    2e oere (10.00-11.00)
    - Poetry Slam yn de Prinsentún yn Ljouwert.
    www.poetryslam.nl
    - Jailhouse Festival Outdoor yn de Blokhuispoort yn Ljouwert.
    www.blokhuisportal.nl/agenda
    - Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    - "Hûs fol ferhalen" , in ferhalenmidje yn de tún fan Nelle Raaphorst yn Fochtelo.
    http://www.huisvolverhalen.nl/
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - In nije lannelike tentoanstelling yn Museum Opsterlân: "Koeien op het doek".
    www.museumopsterland.nl
    - De lêste yn in rige bysûndere simmerkonserten fan de St. Appaddionata yn de Doopsgezinde Kerk yn Ljouwert.
    www.appassionata-leeuwarden.nl
    - De nije tentoanstelling "Oud Geld" yn it Fries Museum yn Ljouwert.
    www.friesmuseum.nl

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)