Op en Ut fan 8 juny 2013

    Iepenloftteater 'Et Darreltien' yn Teridzert bestiet 5 jier. Suze Sanders fan 'e organisaasje komt nei de studio en fertelt yn Op & Ut mear oer dit 1e lustrum.
    De stichtings 'Molens in Menaldumadeel' en 'It pontsje fan Keimpetille' hâlde ûnder it motto 'In moaie dei bûtenút' ferskillende aktiviteiten om Dronryp hinne. Ek hjiroer alle ynformaasje yn Op & Ut.
    Fierder sil presintator Roelof Lousma it mei syn gasten ûnder mear ha oer in mids-ieuwske dei fan hânbôge feriening 'Boogschutters Gilde Fryskewald' en 'Sywart, de soap', it iepenloftspul fan Wergea.
     
     
     

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Mids-ieuwske dei fan hânbôge feriening 'Boogschutters Gilde Fryskewald'
    www.fryskewald.nl
    - 'In moaie dei bûtenút' om Dronryp hinne
    www.fietspontkeimpetille.nl
    - Nije programma fan stedsskouburch de Harmonie (seizoen 2013/2014)
    www.harmonie.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Iepen dei 'Cultuur Kwartier Sneek' yn Snits
    www.cultuurkwartier.nl
    - Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    - 'Hooked' yn Warkum (lifestyle-evenemint op it mêd fan kitesurfen, wynsurfen ensafuorthinne.
    www.hooked-event.nl
    - Start restauraasje skûtsje 'De Jonge Trijntje' en iepen hûs op skipswerf van der Werff yn Drachten.
    www.dejongetrijntje.nl
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - 'Sywart, de soap', it iepenloftspul fan Wergea.
    www.sywart.nl
    - Peije Dei yn Drachten
    www.winkeliersverenigingdrachten.nl
    - Filmprogramma Slieker Film yn Ljouwert
    www.sliekerfilm.nl
    - Programma iepenloftteater 'Et Darreltien' yn Teridzert
    http://www.ter-idzard.nl/?page=293&nID=2102

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)