Op en Ut fan 6 septimber 2014 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Gurbe Douwstra praat mei syn gasten ûnder mear oer de iepen dei fan Krúsbôgeferiening De Knipe, de iepening fan Kunsthuis LOOF yn Jobbegea en de middeisskoft-opera Don Giovanni fan Meeuw / Jonge Theatermakers yn De Harmonie yn Ljouwert.

    Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Iepen dei fan Krúsbôgeferiening De Knipe
    www.kbv-deknipe.nl
    - Histoarysk 'Ouwedykster Oogstfeest' yn St. Jabik.
    http://www.vanplan.nl/uitjes/ontspanning-markten/sint-jacobiparochie/his...
    - Histoaryske waadrintocht fan Paesens-Moddergat nei Skiermûntseach
    http://www.oanedyk.nl/sponsorloop_naar_Schier.html

    2e oere (10.00-11.00)
    - Mata Hari & Ienakterfestival yn Snakkerbuorren
    www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl
    - Iepening Kunsthuis LOOF yn Jobbegea
    www.kunsthuisloof.nl
    www.facebook.com/kunst.loof
    - Fideokeunstner Teun Vonk reiziget mei SRV-wein troch de provinsje
    www.vhdg.nl
    www.teunvonk.nl
    - Eksposysje oer âldste Fryske toeroerwurk yn Ginnum. Sneon 6 en 13 septimber fan 13.00-17.00 oere.
    http://www.aldefrysketsjerken.nl/pag/agenda.php
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Nije festival Swalk, Frysk op toernee (nije opset fan de Moanne fan it Fryske Boek).
    www.swalk.nl
    - Middeisskoft-opera Don Giovanni troch Meeuw / Jonge Theatermakers yn De Harmonie yn Ljouwert. Fan 12 o/m 26 septimber.
    www.meeuw-jts.nl
    www.harmonie.nl
    - Eksposysje 'Op de thee' yn keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert
    www.princessehof.nl
    - Konsert 'De mooiste filmmelodieën' troch Tuschinsky Trio yn de Fermanje yn Ljouwert
    www.appassionata-leeuwarden.nl

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)