Op en Ut fan 6 july 2013

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it vikingfestival yn Noardwâlde, de Aldegeaster iepen dei en de survivaltocht de Lodenhelrun yn Feanwâldsterwâl.
    Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Vikingfestival yn Noardwâlde
    www.vikingfestivalnoordwolde.nl
    - Nederlânsk kampioenskip sânskulptueren yn Snits
    www.zandsculpturenfriesland.nl
    - Aldegeaster iepen dei
    www.oudega-wymbrits.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Eksposysje 'Rauwerderhem in de Tweede Wereldoorlog' yn de tsjerken fan Raerd, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren
    www.ruimgeloven.nl www.tsjerkepaad.nl
    - Survivaltocht de Lodenhelrun yn Feanwâldsterwâl
    www.lodenhelrun.nl
    - Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    - Boskwachtersprekoere en nije rûte foar helpboskwachters by it bûtensintrum Drents Friese wold yn Appelskea
    http://drentsfriesewold.wordpress.com
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - 1e edysje fan de poëzij-rûte foar fytsers en fuotgongers troch it natoergebiet de Rottige Meente
    www.cultuurinderottingemeente.nl
    - Optreden fan Rooie Rinus, Pé Daalemmer en De Bende yn iepenloftteater De Koele yn Appelskea.
    www.appelschaevents.nl www.hoornseplas.net
    - Eksposysje mei kolleksje mei lusifers op skaal neiboude tsjerken fan Frits Jansen yn de tsjerke fan Foudgum
    http://www.aldefrysketsjerken.nl/pag/actueel.php?id=128 www.tsjerkepaad.nl
    - "Lekker Sneek" yn Snits
    www.horecasneek.nl
    - 'Heerenveen Culinair' op It Hearrenfean
    http://feannet.nl/item/3145-zaterdag-6-juli-heerenveen-culinair

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)