Op en Ut fan 5 july 2014 09:00

    It programma Op & Ut komt diskear live út Harns wei. Dit fansels yn ferbân mei de 'Tall Ships Races Harlingen 2014'. Presintator Douwe Heeringa praat ûnder mear mei Janneke Nieuwhof fan 'e organisaasje fan dit evenemint. Fierder binne der live-bydragen fan twa ferslachjouwers dy't yn Harns op paad binne.

    Ek is der romte foar de natoer, de tún en it waar, want de fêste gasten Johan de Jong, Klaas Piekstra en Piet Paulsuma komme del yn de mobile studio oan de Nije Willemskade yn Harns.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - 'Tall Ships Races Harlingen 2014'
    www.thetallshipsracesharlingen2014.com

    2e oere (10.00-11.00)
    - Eksposysje 'Water en Vuur: Friese koopvaardij 1650-1800' yn museum it Hannemahûs yn Harns
    www.hannemahuis.nl
    - 'Tall Ships Races Harlingen 2014'
    www.thetallshipsracesharlingen2014.com
    - Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    - Eksposysje 'Alle hens aan dek!' fan keunstnerssosiëteit Zilt op 'e Barentsz-werf oan de Nije Willemshaven yn Harns.
    www.ziltezaken.eu
    www.dewillembarentsz.nl
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Ynterview mei bemanningsleden fan de 'Alexander van Humbold'
    - 'Tall Ships Races Harlingen 2014'
    www.thetallshipsracesharlingen2014.com
    - Eksposysje 'De zee roept' yn galery De Vis yn Harns
    www.galeriedevis.com
    - Strjitfestival yn Harns
    www.straatfestivalharlingen.nl

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)