Op en Ut fan 30 novimber 2013 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear it nije designfestival 'DesignXPO Fryslân, de jubileumfoarstelling fan it wintersirkus Martin Hanson en de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer de nijste boeken.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Designfestival 'DesignXPO Fryslân' yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert
www.designxpo.nl
- Ymprovisaasjetoanieljûn m.m.f. Theo Smedes en teatergroep Open Vuur yn it TerpenTheater yn Skingen-Slappeterp
http://www.schingen-slappeterp.nl/aktiviteit/121/30-november-de-vloer-op...
- Jelma Dekker fertelt oer foarstellings dy't ynkoarten te sjen binne yn de Harmonie yn Ljouwert
www.harmonie.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Wintermearke 'Het bevroren vuur' yn it Kameleon doarp Terherne
www.kameleonterherne.nl
- Op in baggerskip by kafee 'Yn 'e Iel-Aak' yn De Gaastmar wurdt op sneon 30 novimber de roman 'De smearlappen' fan Anne Wadman yntegraal foarlêzen. Fan 14.30 oant 17.30 oere. Tagong is fergees.
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Yn it Posthûsteater op It Hearrenfean is de premjêre fan de jubileumfoarstelling fan Wintersirkus Martin Hanson.
www.posthuistheater.nl www.wintercircus.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- 'Martini Jongenskoor Sneek' mei 'Festival of Lessons and Carols for Advent' yn de Martinitsjerke yn Boalsert.
www.mjks.nl
- Boekerubryk mei Ernst Bruinsma:
* Stille nacht, wûndere nacht. Krystferhalen en mear. Mei yllustraasjes fan Yke Reeder. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012. www.noordboekwinkel.nl (Boek fan de Moanne, desimber)
* Jos Perry, Revolte is leven. Biografie van Theun de Vries (1907-2005). Ambo, Amsterdam 2013, 394 siden. www.amboanthos.nl
* Justine le Clercq, Wegens geluk gesloten. Podium, Amsterdam 2013, 160 siden. www.uitgeverijpodium.nl
- Foarstelling 'God van de Slachting' mei ûnder mear Huub Stapel en Johanna ter Steege (4 desimber yn de Lawei yn Drachten, 12 desimber yn Theater Sneek yn Snits en 5 febrewaris 2014 yn de Harmonie yn Ljouwert)
www.lawei.nl www.theatersneek.nl www.harmonie.nl http://www.senf.nl/productie/god-van-de-slachting-carnage/
- Nederlânske Brassband Kampioenskippen op 6 en 7 desimber yn de MartiniPlaza yn Grins
www.enbk.nl

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)