Op en Ut fan 30 maart 2013

De eksposysjes 'Mag het ietsje meer zijn?' yn museum 't Ald Slot yn Wergea en 'Baaien hemd & haute couture' yn It Lytse Slot yn Feankleaster slute moai oan by it nostalgywykein dat Omrop Fryslân dit Peaskewykein foar de 3e kear hâldt. Yn Op & Ut alle ynformaasje oer dizze twa eksposysjes, mar ek tal fan oare aktiviteiten komme oan bod lyk as it Peaske-aai feest fan Kiwanis by bernebuorkerij De Naturij yn Drachten en de 1e edysje fan it Fries Food Festival yn de Harmonie yn Ljouwert.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Iepening wettersportseisoen Terherne op Peaskemoandei (1 april fan 11-17 oere)
www.eilandindefriesemeren.nl
- Eksposysje 'Mag het ietsje meer zijn?' oer maten en gewichten yn museum 't Ald Slot yn Wergea. It museum is fan Peaskesnein 31 maart 2013 ôf iepen o/m 27 oktober 2013. Op woansdei o/m snein fan 14-17 oere. Peaskemoandei is it museum ek iepen.
www.museamidfryslan.nl
- Direkteur Ben v.d. Knaap fertelt oer de foarstellings dy't de kommende tiid yn Theater Sneek yn Snits te sjen binne.
www.theatersneek.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Fries Food Festival op Peaskemoandei (1 april) yn de Harmonie yn Ljouwert
www.harmonie.nl www.friesfoodfestival.com
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Peaskeaai-feest fan Kiwanis Drachten op it terrein fan bernebuorkerij 'De Naturij' yn Drachten. Peaskemoandei (1 april) fan 09.00-13.00 oere. De opbringst is foar de Stichting Leergeld
www.leergelddrachten.nl www.naturij.nl
- De bûtentún fan bistepark Sanjes Zoo yn de Westereen giet mei de Peaskedagen wer iepen. Yn it park is ek it Natoermuseum Bruinenberg ûnderbrocht (wie earder it natoermuseum yn Dokkum, mar is no mei yngong fan de Peaskedagen ûnderdiel fan bistepark SanjesZoo).
www.natuurmuseumbruinenberg.nl www.sanjeszoo.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept
- Eksposysje 'Baaien hemd & Haute Couture' yn museum 'It lytse slot' yn Feankleaster. Fan 22 maart oant 1 desimber 2013. Iepen fan moandei o/m sneon fan 13-17 oere.
www.itlytseslot.nl
- Nije boeke-rubryk troch Ernst Bruinsma. Hy hat de folgjende boeken besprutsen:

Oek de Jong, Pier en oceaan.
Uitgeverij Augustus, Amsterdam 2012. 39,95 euro; www.augustus.nl

Judith Schalansky, De lessen van mevrouw Lohmark.
Uitgeverij Signatuur, Utrecht 2012. 16,95 euro; www.awbruna.nl/web/Signatuur.htm

Jaap Krol, It fûgelgebed
Uitgeverij Bornmeer, De Gerdyk 2013, 15,00 euro, www.bornmeer.nl

Arjen Lubach, IV.
Uitgeverij Podium, Amsterdam 2013. 19,90 euro; www.uitgeverijpodium.nl

Klik hjir foar it 'Banane-nutebôle' resept

Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)