Op en Ut fan 29 maart 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it iepen Frysk kampioenskip belslydjeien yn it iis-stadion Thialf op It Hearrenfean, de famyljefoarstelling 'De Grote Reis' yn Theater Sneek yn Snits en it try-out konsert fan it 'Nederlands Studenten Kamerorkest' yn de Sint-Nicolaastsjerke yn St. Nyk.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Iepen Frysk kampioenskip belslydjeien yn it iis-stadion Thialf op It Hearrenfean
www.defrieseaanspanning.nl www.thialf.nl
- Famyljefoarstelling 'De Grote Reis' yn Theater Sneek yn Snits
www.theatersneek.nl www.judithnab.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert
www.harmonie.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Utfierings 'Thomas kantate' troch Con Amore Musica
www.conamoremusica.nl
- Skeelertocht 'Ronde fan Súdwest-Fryslân 2014'
http://www.ijsster.nl/agenda/46/skeelerronde-swf-kidstoer.htm
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Autisme Kafé Tytsjerksteradiel (AKT-diel) hat ferskillende aktiviteiten organisearre yn it ramt fan de 'Nederland Autismeweek' (29 maart o/m 5 april)
http://www.akt-diel.nl/Agenda.htm www.autastic.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Try-out konsert fan it 'Nederlands Studenten Kamerorkest' yn de Sint-Nicolaastsjerke yn St. Nyk
www.nesko.nl
- Boeke-rubryk troch Ernst Bruinsma:
* Ale S. Van Zandbergen, Littenser merke. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013 (Boek fan de Moanne)
www.friesepersboekerij.nl
* Michel Heijungs, Retour Bangkok, Van Oorschot, Amsterdam 2014.
www.vanoorschot.nl
* Dieter Vandenbroucke, Dansen op een vulkaan. Victor J. Brunclair: schrijver in een bewogen tijd. De bezige bij, Antwerpen 2014.
www.ernstbruinsma.nl
- Huub Stapel komt noch 2 kear nei Fryslân mei syn foarstelling 'Mannen komen van Mars en vrouwen van Venus': 2 april yn de Lawei yn Drachten en 18 maaie yn Theater Sneek yn Snits.
www.mannenkomenvanmars.nl www.lawei.nl www.theatersneek.nl
- Petear mei Hanneke Vulperhorst (famke fan 16 jier mei in ûngenêslike hersentumor dy't in single opnommen hat mei Syb fan De Kast).

Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)