Op en Ut fan 29 juny 2013

     

    Yn Op en Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Roelof praat mei syn gasten ûnder mear oer de jierlikse dei fan de Keunst yn Beetstersweach, it preamkeskowen yn Sibrandabuorren, it iepen kampioenskip klompkesilen yn De Gaastmar, keunstevenemint Keik yn Harns en de Glasblazers Night of the Koemarkt op It Hearrenfean.
    Fierder fansels de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma mei de boekerubryk.
     
     

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    -Johan de Jong mei nijs oer de natoer
    -de dei fan de Keunst yn Beetstersweach mei it tema it Nederlân-Ruslânjier
    www.dagvandekunst.nl
    -de Oldtimerdei op it Saailân yn Ljouwert
    -preamkeskowe yn Sibrandabuorren

    2e oere (10.00-11.00):
    -de Feankleasterdei mei it tema jacht
    www.Veenklooster.com
    -túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    -it iepen Frysk kampioenskip klompkesilen yn De Gaastmar
    www.klompkesilen.nl
    -keunstevenemint Keik yn Harns
    www.keikharlingen.nl
    -waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer it waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00):
    -galajûn fan it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival yn sporthal De Middelzee yn Boalsert
    www.skotsploech.nl
    -de Glasblazers Night of the Koemarkt op It Hearrenfean
    www.deglasblazers.nl
    -Ernst Bruinsma besprekt de boeken: In kop as in almenak fan Elske Hindriks, de Laatkomer fan Dimitri Verhulst, Wij en ik fan Saskia de Coster en Schemerspel fan Arnaldur Indridason
    -Museum Willem van Haren iepenet fan 'e middei de nije tentoanstelling "Alles van Oranje! een privéverzameling"

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)