Op en Ut fan 23 augustus 2014 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer Brommels!, famyljefestival Kabroemmm, Paradepaadje en de komyske opera Keapmanskeunsten.

    Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra mei túntips en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Brommels! it Wâldpyk toarnbeifestival
    www.brommelsfestijn.nl
    - Noorderzonfestival yn Grins.
    www.noorderzon.nl
    -Roel Bottemadagen yn Aldeholpea.
    www.roelbottemadagen.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Imaginarium festival, fantasy yn Fryslân, yn Tytsjerk
    www.imaginarium-festival.nl
    - Iepenloftfoarstelling Reis nei Wad nimt it publyk mei yn in bus lâns ferskate ûnderdielen fan de foarstelling.
    www.keunstwurk.nl
    - Klaas Piekstra mei de túntips
    - Famyljefestival Kabroemmm yn Himmelum.
    www.kabroemmm.nl
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

    3e oere (11.00-12.00)
    - Komyske opera Keapmanskeunsten.
    www.keapmanskeunsten.nl
    -Iepenloftspul Jorwert komt dit jier mei Marathon
    www.iepenloftspuljorwert.nl
    -Paradepaadje, in nije keunst- en kultuerfestival yn Littenseradiel
    www.paradepaadje.nl

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)