Op en Ut fan 2012-07-28T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- By forellenfiver ''Het Oosterseveld' yn Easterstreek (by Noardwâlde) is sneon 28 july in wedstryd en demonstraasje forellen rikje. Eigner Willem Dekker fertelt yn Op & Ut mear oer de forellenfiver en oer de wedstryd/demonstraasje.
www.forellenvijvershetoosterseveld.nl

- Yn de tsjerke fan Jislum is fan snein 29 july o/m snein 12 augustus de útstalling 'Petrus Regout 19e eeuw' te sjen. Der is ierdewurk te sjen út de begjin perioade fan Petrus Regout fan foar 1900. Belangstellenden binne alle dagen wolkom fan 13.00-18.00 oere.

- Yn de teatertún yn Riis is snein 29 july it Gaasterlân popfestival 'Peace yn Riis'. Mei optredens fan û.o. My Brainbox ft. Jan Akkerman & Bert Heerink en de Neil Young Mirror Band. Fan 15.00-24.00 oere.
www.teatertun.nl

- Waarman Piet Paulusma fertelt yn Op & Ut oer de nije waar-app.

- Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is sneon 28 july it Bach Nacht konsert. Theo Jellema spilet oargelmuzyk fan Johann Sebastian Bach en Rein Tolsma lêst gedichten foar fan Bertus Aafjes, Rutger Kopland, Lars Gustafsson, Willem van Toorn en Simon Vestdijk. It begjint om 22.00 oere.
www.orgelleeuw.nl www.grotekerkleeuwarden.nl

- Yn St. Anne is op sneon 4 augustus 2012 foar de twadde kear de Bildtske Rembrandtmerk. Fan 11.00-17.00 oere. Dit jier is it tema 'Saskia', de frou fan Rembrandt (it is 400 jier lyn dat se berne waard en 4 augustus is ek noch har doopdei). Yn de Van Harenstsjerke is in útstalling te sjen oer Saskia en der wurdt in 'Bildtske Saskia ferkiezing' hâlden.
www.stannavooruit.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt it Frysk Skipfeart museum yn Snits oan bod. Meindert Seffinga, meiwurker fan it museum, sil it ha oer in brief fan Uilke Barends.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)