Op en Ut fan 2012-07-14T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- It bisteparkje 'De Wiken' yn Drachten hâldt sneon 14 july iepen hûs. Fan 14.00 oant 16.00 oere.
www.dierenparkjedewiken.nl

- Yn teater/restaurant 'De Buitenplaats' yn Earnewâld binne fan't simmer alle sneinen foarstellings. No snein 15 july stiet de foarstelling 'Sydney's circus' (moai waar) of Zirkus Zuurkool (by min waar) op it programma. Om 14.30 oere. Foar elts fan 4 jier en âlder. It hiele programma is te finen op 'e website:
www.stichtingclownswerk.nl

- Yn Drachten is snein 15 july in 'Culturele Zondag'. De dei is organisearre troch Museum Drachten en stiet yn it teken fan 'De Stijl'. Fan 12.00 oant 18.00 oere binne der yn de Torenstrjitte, yn Museum Drachten en op ferskillende oare lokaasjes yn it sintrum fan Drachten allerhande aktiviteiten.
www.museumdrachten.nl

- Sneon 14 en snein 15 july is de 25ste edysje fan Pop 'n Pop yn Poppenwier. Dizkear mei in optreden fan de top 40 coverband Goet-Foud. It feestterrein is sneon 14 july fan 22.00 oere ôf iepen. Snein 15 july is der ta eare fan de 25ste edysje in 'matinee'. Fan 16.00 oere ôf mei in ballonnewedstryd en in optreden troch trûbadour Jan Nota.
www.popnpop.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn it ramt fan it projekt 'Fryslân Unlimited' hawwe 6 ynternasjonale fotografen (dy't ûnbekind wiene mei Fryslân) har fisy op ús provinsje fêstlein yn in rige foto's. Dit hat resultearre yn de útstalling 'Sailing on the Grass'. De eksposysje is te sjen yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Fan 13 july o/m 19 augustus 2012.
www.sailingonthegrass.nl www.natuurmuseumfryslan.nl

- Waarman John Havinga mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt it Frysk Skipfeart museum yn Snits oan bod. Meindert Seffinga sil it ha oer in boerd fan de skippersskoalle yn Snits.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

- Keunstner Rienk van Houten út Drachten komt nei de studio om te fertellen oer syn wurk.
www.schilderijkunst.nl

Resept: rikke salm mei moster dillesaus en gamba's

Nedich:

400 gr. rikke salm
12 gamba's (peld)
1 aaiwyt
wat blom
panko (Japansk panear fan wite bôle)
100 gr. grauwe moster
100 gr. sûker
0,5 boskje hakte farske dille

Wurkwize:

Moster mei sûker en dille minge en 10 minuten stean litte oant de sûker oplost is (eventueel minge mei in lyts bytsje mayonaise).
Gamba's fan termbuis ('darmkanaal') ûntdwaan en mei piper en sâlt bestruie en troch de blom rôlje.
Aaiwyt losklopje en de gamba's dertroch helje en yn de panko paneare.
Rikke salm op in board lizze en de moster-dillesaus derop dwaan en de gamba's yn hite oalje frituere oant in moai krokant laachje ûntstiet. Per persoan trije gamba's op it board lizze.

Yt lekker. René Vaartjes, eilân restaurant Trije Hûs, Grou.

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)