Op en Ut fan 2012-07-07T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Ieldagen yn Heech. Sneon 7 en snein 8 july, beide dagen fan 11.00 oere ôf
www.itheechhus.nl

- It iepenloftspul 'Straverus, tiid is in sirkel' wurdt fan 7 o/m 18 july opfierd yn it natoergebiet 'De Koepeinse polder' yn 'e omkriten fan Bantegea.
www.iepenloftspulbantegea.nl

- Fryske Folkloaredei Hearrenfean. Sneon 7 july fan 12.30 oere yn it sintrum fan It Hearrenfean (Fleismerk).
http://heerenveenfolklore.webnode.nl

- De symfoanyske rockband Koartsluting bringt in útfiering fan it muzykstik/rockopera 'It Swurd fan Damocles' (frysktalich). Sneon 7 july om 20.30 oere op it wetter by kafee/restaurant d'Ald Herberch oan de Munkedyk 46 op 'e Gaastmer.
www.koartsluting.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn it iepenloftteater 'De Koele' yn Appelskea binne de kommende tiid ûnder mear de folgjende optredens: sneon 7 july om 19.30 oere it Haydn Jeugd Strykorkest en sneon 14 july om 19.45 oere De Kast.
www.appelschaevents.nl www.appelscha.eu

- Op it strân fan 'e Lemmer is snein 8 july in saneamde 'Big Jump'.
www.bigjump.nl www.friesemileufederatie.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt it Frysk Skipfeart museum yn Snits oan bod. Meindert Seffinga sil it ha oer de wizer fan de klok fan de wetterpoarte.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

- Popfestival Deinum Open Air. Sneon 7 july om 20.00 oere op It Leechje yn Deinum
www.facebook.com/deinumopenair

Resept: 'Heise Liebe'

Nedich:

400 gram framboazen (út 'e djipfriezer)
1 limoen
80 gr. sûker
8 bollen fanylje iis
500 gr. slachrjemme
snjit amaretto
50 gr. sûker
skaafde amandels en poeiersûker

Wurkwize:

De helte fan 'e framboazen opsette mei sûker en it sop fan 'e limoenen en 1 minút koaitsje litte. De oare helte noch befêrzen framboazen derby dwaan en trochriere (net kapot riere).
Slachrjemme mei sûker op yochert dikte klopje en mei de snjit amaretto minge.
Yn in droege koekepanne de amandels brún wurde litte en op lêst der hyltyd wat poeiersûker oerhinne struie oant der in karamel laachje op de amandels komt.
Framboazen waarm meitsje en it iis yn in moai glês dwaan. De waarme framboazen op it iis skeppe en in laach amarettorjemme der op dwaan. Ofmeitsje mei de skaafde amandels en eventueel in tûkje mint en in farske framboas.
Yt lekker. René Vaartjes, eilân restaurant Trije Hûs, Grou.

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje. It programma komt rjochtstreeks út de Taletún yn MeM (Prinsetún, Ljouwert).
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)