Op en Ut fan 2012-06-02T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- De Kring Fryslân fan de stichting GEA is 40 jier lyn oprjochte en it Mineralogysk Museum yn Grou bestiet 10 jier yn har hjoeddeiske foarm. Dat wurdt op 2 en 3 juny fierd: it museum is fergees iepen, beide dagen fan 10.00-17.00 oere. It museum is te finen oan it Leechlân 22 yn Grou.
www.mineralengrou.nl www.gea-geologie.nl

- Op sneon 2 juny is it de 'Dag van de Bouw'. Yn Fryslân dogge 7 projekten mei oan dizze iepen dei fan de bousektor. Belangstellenden binne ûnder mear wolkom by de nijbou fan it Cultuur Kwartier Sneek en de rekonstruksje fan it Drachtster plein yn Ljouwert. Alle dielnimmende lokaasjes binne te finen op 'e website.
www.dagvandebouw.nl

- Yn it ramt fan It Paradys (in inisjatyf fan Tryater en Frats om jonge talinten ûnderfining opdwaan te litten) binne der foarstellings yn Skearnegoutum en Mantgum. Yn de eardere pastory yn Skearnegoutum wurdt 'De Dream' opfierd (2 en 3 juny om 21.30 oere, op 2 juny ek om 24.00 oere) en by de toer fan Skillaerd by Mantgum binne opfierings fan 'De Blauwe Oere' (2, 3 en 8 juny om 21.30 oere).
www.dreamdoarp.nl www.paradys.org

- Op 3 april lêstlyn is it twadde seisoen fan de tillevyzje-rige 'Doch it foar dyn doarp' útein set. De kommende wike (5 o/m 9 juny) steane de doarpen Akkrum/Nes sintraal. Yn Op & Ut sjogge we alfêst foarút nei de programma's dy't hjirwei te sjen wêze sille.
www.dyndoarp.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- De bibleteken fan Midden Fryslân ha in tal lêzings organisearre yn it ramt fan de 'Moanne fan it spannende boek'.
www.sbmf.nl

- Haadrolspiler Folkert Wesseling komt nei de studio om wat te fertellen oer it iepenloftspul fan Opsterlân: 'Op syk nei Billie?'.
www.iepenloft-opsterlan.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Ofrûne tongersdei (31 maaie lêstlyn) is yn De Knipe it sportive spektakel 'Survival De Knipe' útein set. Dizkear mei sa'n 3500 dielnimmers! It evenemint duorret noch oant en mei snein 3 juny. Yn en om de Knipe dus en yn de bosken fan Oranjewâld. Publyk is fan herte wolkom, it komplete programma is te finen op:
www.survivaldeknipe.nl

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Yn de moanne juny komt it Admiraliteitshûs yn Dokkum oan bod.
www.museumdokkum.nl

- Yn Appingedam yn Grinslân binne o/m 16 juny opfierings fan de muzykteaterfoarstelling 'De Nieuwe Man' nei it boek mei deselde namme fan Thomas Rosenboom. Nynke Klompmaker (komt oarspronklik út Fryslân) hat it boek bewurke ta teaterfoarstelling. Sy fertelt hjir yn Op & Ut mear oer.
www.denieuweman.com

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)