Op en Ut fan 20 april 2013

Yn Op & Ut diskear wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Oan bod komme ûnder mear de Kompenijster maitiidsfair, de lamkesdei yn Bakkefean, de premjêre fan de kabaretfoarstelling 'Eigen-aardig' fan Adriana Westra en in eksposysje oer de skiednis fan de Buorren yn Raerd.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Yn it Doarpshûs yn Raerd (Boarnsterhim) is sneon 20 april fan 10.00-17.00 in eksposysje ynrjochte oer de skiednis fan de Buorren yn Raerd. Fan alle hûzen wurdt in oersjoch jûn fan de eardere bewenners en in beskriuwing fan de wichtichste funksjes troch de ieuwen hinne. De tagong is fergees.
- Kompenijster maitiids fair op mini-camping Singel yn Jobbegea
www.kompenijsterfair.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn de Harmonie yn Ljouwert.
www.harmonie.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Adriana Westra oer de premjêre fan har kabaretfoarstelling 'Eigen-aardig'. Sneon 20 april om 20.00 oere yn it bowling- en sealesintrum oan de Tichelwei 28 yn Dokkum.
www.vermakelijkentertainment.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Lamkesdei yn Bakkefean. Snein 21 april fan 12.00-16.00 oere
www.itfryskegea.nl
- Ferhalefytstocht en oare aktiviteiten yn Feanwâlden yn it ramt fan de Nasjonale Sportwike.
www.sportdorpfeanwalden.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Debby Petter mei 'Ik ben er nog' yn it Marne Theater yn Boalsert. Tongersdei 25 april om 20.00 oere.
www.boog-bolsward.nl www.hekwerk.nl
- Betinkingskonsert 'Er reed een trein naar Sobibor'
www.nationaalsymfonischkamerorkest.nl
- Boeke-rubryk mei Ernst Bruinsma.
www.ernstbruinsma.nl
Behannele boeken:
* Charles van den Tex, De erfgenaam. De Geus, Breda 2013. www.degeus.nl
* Sipke de Schiffart, Wat it is om bang te wêzen. Ferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012. www.friespersboekerij.nl
* Jeroen Theunissen, De Omwegen. De Bezige Bij Antwerpen 2013.
www.debezigebijantwerpen.be
* Erik Vlaminck, Miranda van Frituur Miranda. Wereldbibliotheek, Amsterdam 2013. www.wereldbibliotheek.nl
- Kombi-foarstelling troch Gijs Nillessen ('Geen Paniek') en Ronald Smink ('Bonanza') yn de Skâns op 'e Gordyk. Sneon 20 april 20:30 oere.
www.skans.nl www.ronaldsmink.nl www.gijsnillessen.nl

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)