Op en Ut fan 2 maart 2013

Albert Pasma komt nei de studio en fertelt yn Op & Ut oer de lêzing dy't hy snein yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert jaan sil oer Ljouwerter stedstypes. Fierder yn Op & Ut ûnder mear omtinken foar de produksjes fan Tryater, de foarstellings dy't de kommende tiid yn it Posthûs teater op It Hearrenfean te sjen binne en it teaterkonsert 'Pessoa' mei Fernando Lameirinhas yn de Harmonie yn Ljouwert.
Ek de fêste gasten komme fansels wer del: Johan de Jong hat nijs út de natoer, Klaas Piekstra leit út wat je om dizze tiid hinne yn 'e tún dwaan kinne en kok René Vaatstra hat wer in lekker resept.
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Mini Theater Friesland spilet 'Familie' yn De Skâns op 'e Gordyk
www.minitheater.nl www.skans.nl
- Foarstellings Tryater (Stamppot Schmidt en Sneak Previews)
www.tryater.nl
- Foarstellings Posthuis teater op It Hearrenfean
www.posthuistheater.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Albert Pasma fertelt yn HCL yn Ljouwert oer Ljouwerter stedstypes
www.historischcentrumleeuwarden.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Ladies Day yn Harns
www.hannemahuis.nl
- Workshop lokfûgels meitsje
www.natuurmuseumfryslan.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept
- Website evenemintenkalinder VVV
www.touristinfofryslan.nl
- Teaterkonsert 'Pessoa' mei û.o. Fernando Lameirinhas yn de Harmonie
www.harmonie.nl www.grunfeld.nl
- Tetsje v.d. Kooi en Inez Carsauw sjonge it Stabat Mater fan Pergolesi
www.tetsjevanderkooi.nl

Klik hjir foar it 'Tartaar fan rauwe en rikke salm mei avokado en komkommer' resept

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)