Op en Ut fan 2 augustus 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer 'De Wike fan de Frije Wiken', in rige tún-konserten yn teetún 'Halte Leppedijk' yn Nij Beets en it jubileum fan Opera Spanga.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Fan 2 o/m 9 augustus is de 2e edysje fan 'De Wike Fan De Frije Wiken'. 14 doarpen yn de súd-easthoeke fan Fryslân dogge hjir oan mei.
www.defrijewiken.nl
- Bildtse Rembrandtmerk yn St. Anne
www.rembrandtmarkt.nl
- Fan 5 o/m 8 augustus is de 35ste edysje fan de Fyts-4-daagse fan Appelskea
www.fiets4daagseappelscha.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Simmer-eksposysje 'Nieuwe Verten' fan de stichting 'Kunst, Kerk en Samenleving' yn de Broeretsjerke, de Martini-tsjerke en de St. Franciscustsjerke yn Boalsert. Noch o/m 24 augustus
www.kksbolsward.nl
- Strânpaviljoen en rekreaasjeterrein 'De Hege Gerzen' yn Aldemarrum
www.hegegerzen.nl
- Tún-konserten yn teetún 'Halte Leppedijk' yn Nij Beets
www.halteleppedijk.nl
- Poëzij-kuierpaad by It Boerepaad del. Op tongersdei 7 augustus om 18.00 oere en op snein 10 augustus om 14.00 oere. Starte is by teetún Slappeterp oan 'e Kleasterdyk 12a yn Slappeterp.
http://www.minicampingslappeterp.nl/pagina/33/speurtochten.html
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Opera Spanga fiert 25-jierrich bestean mei útfiering fan Puccini's opera 'Gianni Schicchi'.
www.operaspanga.nl
- Ynformaasje oer de feriening 'Vrienden van de Voetveren' en harren website mei in oersjoch fan alle pontsjes yn Fryslân (en de rest fan Nederlân).
www.voetveren.nl
- Fan 2 o/m 9 augustus is it IFKS skûtsjesilen
www.ifks.nl
- Simmerkonserten fan de st. Appassionata yn Ljouwert
www.appassionata-leeuwarden.nl

Share this page on:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
(advertinsje)