Op en Ut fan 19 april 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it 'Fries Food Festival' yn de Harmonie yn Ljouwert, de jierlikse lamkesdei fan it Fryske Gea yn Bakkefean en de foarstelling 'Geheim' fan Leoni Jansen yn de Lawei yn Drachten.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Jierlikse lamkesdei fan It Fryske Gea yn Bakkefean
www.itfryskegea.nl
- Yn en by hotel/restaurant Lunia yn Aldeberkeap is Peaskemoandei 21 april in saneamde 'Stoelendans', oftewol in Peaske-sitmeubel ruil- en ferkeapbeurs. Fan 11.00 oere ôf.
www.lunia.nl
- Peaskebrunsj by 'Boerenbeleving/Koblomke' yn Loëngea
http://www.boerenbeleving.nl/actueel/tweede-paasdag-paasbrunch-bij-koblo...
- Biolgyske Peaskebrunsj by 'Aktiviteitenboerderij Fjouwerhusterpleats' yn Reahel
http://www.aktiviteitenboerderij.nl/nieuws

2e oere (10.00-11.00)
- 'Passion Camminghaburen' yn Ljouwert. Sneon 19 april om 19.00 en 21.00 oere. Tagongskaarten binne fergees ôf te heljen yn it winkelsintrum Camminghabuorren by fytsewinkel Mient de Vries en DA drogist Prinsen.
www.facebook.com/passioncamminghaburen
- Proefrit elektryske fytsen fan E-bike Fryslân op 'e iepen dei fan de Pollepleats yn Westhim
www.pollepleats.nl
www.e-bikefryslan.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Try-out fan 'Piece of my Heart' yn de Lawei yn Drachten
www.pieceofmyheart.nl
http://www.lawei.nl/agenda/1871/Piece_Of_My_Heart_try_out_/Margje_Witter...
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Foto-eksposysje 'De Laatste Slacht' yn de Aerden Plaats yn Aldebildtsyl
www.aerdenplaats.nl
- Fries Food Festival yn de Harmonie yn Ljouwert
www.friesfoodfestival.com
- Leoni Jansen mei foarstelling 'Geheim' yn de Lawei yn Drachten
www.leoni.nl
http://www.lawei.nl/agenda/1865/_Geheim/Leoni_Jansen/
- 'Stoomlab!' yn ir. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer. Peaskemoandei 21 april fan 13.00 oere ôf.
www.woudagemaal.nl

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)