Op en Ut fan 15 maart 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in optreden fan Sarah McQuaid yn Siegerswâld, in útfiering fan de 'Stabat Mater' yn Grou en in lêzing oer Oman yn 'e bibleteek yn Drachten.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Iepen dei 'Zorg en Welzijn' 2014
http://www.venturaplus.nl/deelnemers
- Optreden Sarah McQuaid en oare aktiviteiten yn teeskinkerij Bellefleur yn Siegerswâld
www.theeschenkerijbellefleur.nl www.sarahmcquaid.com
- Skilderwedstriid foar amateurskilders yn it 'pand Grou'
www.kunstreken.nl www.hetpandgrou.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Presintaasjekonsert nije brassband 'E&E Brass' yn mfc It Harspit yn Toppenhuzen. Sneon 15 maart om 20.00 oere. Tagong fergees.
http://www.topentwelonline.nl/site/index.php?p=agenda&id=1254
- Lêzing geofysikus Dick Zijlstra oer Oman yn 'e bibleteek yn Drachten.
http://www.bibliotheekdrachten.nl/activiteiten www.georeizen.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Utfiering 'Stabat Mater' fan Pergolesi yn de St. Pitertsjerke yn Grou
http://www.carlvisser.nl/Poster_20140316_StabatMater.html
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Eksposysje 'De Noordzee rond' mei foto's fan Dolph Kessler by drukkerij Douma yn Dokkum
http://www.drukkerijdouma.nl/kunst/kunst-op-kantoor/dolph-kessler/
www.dolphkessler.nl www.denoordzeerond.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid yn de Lawei yn Drachten te sjen binne
www.lawei.nl
- 'Musical on Ice show' yn iis-stadion Thialf op It Hearrenfean
http://kcthialf.nl/?p=608
- Foarstelling 'Hoe vrij zijn we eigenlijk?' troch 'Theater Levenslang' yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
www.theaterlevenslang.nl

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)