Op en Ut fan 10 maaie 2014 09:00

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de foarstelling 'De Iisfoarstin' fan Tryater, It Eibertshiem yn Earnewâld en it Nasjonale Mûnewykein.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulsuma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Doarpstún Hurdegaryp hâldt alle 2e sneonen fan 'e moanne en alle tiisdeis iepen wurkdagen (fan 10.00-16.00 oere) en op sneon 17 maaie is der iepen tún (fan 15.00-17.00 oere)
www.dorpstuinhurdegaryp.nl
- Iepen spultsjedei fan spultsjeferiening UCP yn buerthûs Rengerspark yn Ljouwert
www.ucpleeuwarden.nl
- Nasjonaal mûnewykein 2014 op sneon 10 en snein 11 maaie.
http://www.molens.nl/site/nationale-molendag/resultaten.php

2e oere (10.00-11.00)
- Eksposysje fan gedichten fan Marie Koldyk-de Vries yn Aldeboarn. Fan 10 maaie o/m juny oan de Wêze en It Achterom.
- 'Wilde Buitendag' fan Natoermonuminten by de Slotpleats yn Bakkefean
https://www.natuurmonumenten.nl/activiteiten/wilde-buitendag-leer-overle...
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Foarstelling 'Geachte heer Bach' troch st. Muziektheater Assen: snein 11 maaie om 16.00 oere yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum en snein 18 maaie om 16.00 oere yn de Martinitsjerke yn Boalsert
www.muziektheater-assen.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Iepenloftspul Burgum spilet 'De Krintekakker'
www.iepenloftspul.nl
- It Eibertshiem yn Earnewâld
www.ooievaars.nl
- Strjit-opera 'De Iisfoarstin' fan Tryater op it Saailân yn Ljouwert
www.tryater.nl
www.iisfoarstin.nl
- 32 Frysktalige romans op website 'Lezen voor de lijst'
http://www.lezenvoordelijst.nl/zoek-een-boek/fries/
http://www.sirkwy.nl/item/287/nieuws-detail

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio en telefyzje.. It programma komt rjochtstreeks út it kafee Backstage fan muzykteäter Neushoorn.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio en telefyzje
(advertinsje)