Op en Ut fan 1 novimber 2014 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer de nije toanielferiening 'Stichting Krisistoaniel Dokkum', it 'Noordelijk Film Festival' en it konsert fan it Georgyske koar 'Khareba & Gogia' yn Akkrum.

    Fansels binne ek de fêste gasten wer oanwêzich: Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    En fierder is der live muzyk fan Henk Jan Smit en Janny Boonstra op lûksek en
    it duo Weima & van der Werf.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Optreden Georgysk koar Khareba & Gogia yn Terptsjerke yn Akkrum
    www.akkrum.net
    - Harmoanikafestival yn Ljouwert
    www.harmonicafestival.nl
    - Nije toanielstichting 'Krisistoaniel' spilet 'Praatsjes' yn Sense teater yn Dokkum
    www.krisistoaniel.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Iepen atelier galery It Frysk Skildershûs yn Ljouwert
    www.doetboersma.nl
    - Iepen dei yn it nije restaurant Wannee yn Ljouwert
    www.restaurantwannee.nl
    - Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Rigt Oostenbrug fertelt oer de programmearring fan skouburch De Lawei yn Drachten
    www.lawei.nl
    - Duo Weima & van der Werf oer harren cd-resintaasje/muzykteaterprogramma hjerst 2014
    www.weimavdwerf.com
    - It 'Noordelijk Filmfestival' yn Slieker Film en De Harmonie yn Ljouwert
    www.noordelijkfilmfestival.nl
    - Fotograaf Robert Mulder fertelt oer it nije foto-boek 'Groeten uit Leeuwarden' en de foto-eksposysje mei deselde titel yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert
    https://historischcentrumleeuwarden.nl/laatste-nieuws/1698-tentoonstelli...


    09:11 - Doobie Brothers - Listen To The Music
    09:43 - Wouter Hamel - March, April, May
    10:10 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    10:23 - Hein Jaap Hilarides - A Jonge Ja
    10:35 - Van Morrison - Shenandoah
    11:10 - Alain Clark - Blow Me Away

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)