Op en Ut fan 1 maart 2014 09:00

    Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in priuwerij yn 'Kookmuseum Appelscha', it jubileum fan karnavalsferiening De Turftrapers fan 'e Tynje en 2 klassike toanielstikken dy't ynkoarten opfierd wurde yn Suwâld en Nijegea.
    Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

    Alle ûnderwerpen:

    1e oere (09.00-10.00):
    - Johan de Jong mei nijs út de natoer
    - Priuwerij mei wintergriente yn 'Kookmuseum Appelscha'.
    https://www.facebook.com/pages/Kookmuseum-Brasserie-Marco-Polo/210606155... www.kookmuseum-appelscha.nl
    - Ekspertize-dei berteleppels yn Frysk Museum yn Ljouwert
    http://www.friesmuseum.nl/nieuws/geboortelepels-gezocht
    - Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer
    www.theaterdekoornbeurs.nl

    2e oere (10.00-11.00)
    - Karnavalsferiening de Turftrapers fan 'e Tynje fiert 33-jierrich bestean
    www.turftrapers.nl
    - Eksposysjeromte Ogenblik iepenet sneon 1 maart har doarren oan de Twabaksmerk yn Ljouwert
    www.ogenblik-leeuwarden.nl
    - Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
    - Lêzing Bettine Vriesekoop yn sealesintrum De Treemter yn Balk
    www.nutgaasterlan-sleat.nl
    - Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

    3e oere (11.00-12.00)
    - Toanielselskip 'Kom mar op' út Suwâld spilet 'Antigone', in trageedzje fan Sofokles en toanielselskip 'Nij Begjin' út Nijegea spilet 'Lysistrata', in komeedzje fan Aristofanes.
    www.kommarop.nl www.nijbegjin.nl
    - Wyn priuwe, demonstraasje skieppedriuwen en folksferhalen op wyngaard Frysling yn Twizel
    http://frysling.nl/evenementen/
    - Fryske Free Fashion dei op sneon 8 maart yn mfc De Wjukken yn Mantgum
    http://www.mantgum.com/126-kledingruilbeurs
    http://fryskefreefashion.weebly.com
    https://www.facebook.com/FryskeFreeFashionDei
    https://twitter.com/FryskeFreeFashi
    - Optredens Nana Mouskouri op moandei 3 maart yn Vredenburg yn Utrecht en freed 7 maart yn de Nieuwe Luxor yn Rotterdam
    http://www.vredenburg.nl/agenda/concerten/3117//Nana_Mouskouri/
    http://www.luxortheater.nl/94-1200-Nana-Mouskouri www.nanamouskouri.nl

    Op & Ut

    Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Folgje Op & Ut, op 'e radio. It programma komt rjochtstreeks út de studio fan Omrop Fryslân.
    Presintaasje: 
    Douwe Heeringa
    (advertinsje)