Omroplive.nl fan 7 maart 2014 18:31

Foar de tredde kear wurdt op 7 maart in damwedstriid Frysk Damjen rjochtstreeks útstjoerd op Omroplive.nl. Ek dit jier is Klaas Jansma dêr as livekommentator by. Trochdat it Fryske spul mear farianten jout om te slaan (skean, rjochtút en oerdwers – oer alles dus), sit der faak mear aksje yn it damjen. By dit Iepen Kampioenskip Fluchdamjen jildt dat hielendal, want elke spiler hat foar de hiele partij mar tsien minuten tinktiid. Hûndert dammers stride mei om it kampioenskip yn doarpshûs It Joo fan Aldegea. De striid is fan 19:30 oere ôf live te folgjen op www.omroplive.nl. Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.friesdammen.nl.

Share this page on:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)