Omrop Fryslân Aktueel fan 29 augustus 2014 16:00

    Yn de Reade Tried hawwe we it hjoed oer de iisamer-útdaging, ek wol bekend as de Ice Bucket Challenge. It sil je net ûntgien wêze, mei de amers fol iiswetter waard en wurdt ek no noch omtinken frege foar spiersykte ALS en dat hat fertuten dien. It wie in bysûnder súksesfolle kampanje, mar sa njonkenlytsen hat it genôch west, sa is ús stelling.

    Ferslachjouwer Onno Falkena frege besikers fan de freedsmerk yn Ljouwert hoe't sy tsjin de Ice Bucket Challenge oansjogge:

    Besikers fan de freedsmerk oer de Ice Bucket Challenge

    • Besikers fan de freedsmerk oer de Ice Bucket Challenge
    Omrop Fryslân Aktueel

    Omrop Fryslân Aktueel

    Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
    (advertinsje)