Omrop Fryslân Aktueel fan 2012-07-19T16:00:00

By de streek del yn Drachten. Us live-ferslachjouwer sjocht fan 'e middei by de grutste bouput yn Fryslân: it Drachtster Raadhuisplein. Hjir wurdt foar mear as 100 miljoen euro ynvestearre yn in parkeargaraazje, in nij eveneminteplein en yn apparteminten. Mar it projekt hat wol wat fertraging oprûn troch it reinwetter fan de lêste wiken. En hy sjocht ek by in folle lytser projekt. Yn de Papegaaiebuert wurdt it wenhûs Toerstrjitte 3 omboud ta 'museum wente'. Paulo Martina fan Museum Drachten fertelt hjir mear oer.

Henry Frieswyk fan 'e gemeente oer de bouput yn it sintrum

Paulo Martina oer de museumwente oan de Toerstrjitte

Share this page on:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)