Omrop Fryslân Aktueel fan 18.12.2013 (jûns)

Flak foar de start fan Serious Request wie der even in lyts reltsje op de Nijstêd. Merkkeaplju krigen fan in amtner te hearren dat se oppakke moasten, de merkkeaplju waarden lulk en krekt op dat momint troffen se ferslachjouwer Onno Falkena. It trelit waard even letter hiel gau delbêde troch de gemeente Ljouwert. It wie in misferstân, sa waard ús fersekere, de gemeente hâldt him oan de makke ôfspraken en de merkkeaplju mochten dochs bliuwe.

Harkje nei de merkkeaplju (doe't se noch lulk wiene)

Diel dit berjocht op:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)