Omrop Fryslân Aktueel fan 17 july 2014 12:00

Yn ús simmerrige fan 'e middei omtinken foar de oerset yn de Ljouwerter Prinsetún. Dit pontsje fart allinnich yn de simmerfakânsje. De oerset is bedoeld as service foar de wettersporters dy't sa maklik fan de Noardersingel yn de Prinsetún komme kinne, mar ek Ljouwerters meitsje graach gebrûk fan dit pontsje op sinne-enerzjy. De oerset yn dizze foarm bestiet sûnt de jierren '90, mar hat eins al in folle langere skiednis, fertelt Klaas Zandberg fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Foar skipper Froukje Deelstra is it hinne en wer farren troch de Prinsetún de ideale fakânsjebaan, want se docht it al foar de fjirde simmer achterinoar...

Klaas Zandberg fan it HCL

Skipper Froukje Deelstra fan de pont yn de Prinsetún

Diel dit berjocht op:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)