Omrop Fryslân Aktueel fan 10.3.2014 (moarns)

Omrop Fryslân radio sjocht yn 21 gemeenten foarút nei de riedsferkiezings

LJOUWERT – Omrop Fryslân Aktueel sjocht fan moandei 10 maart ôf foarút nei de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart. Yn sân dagen tiid wurdt troch ferslachjouwers in besite brocht oan de 21 gemeenten yn Fryslân. Dat binne alle gemeenten wêr op 19 maart ferkiezings holden wurdt. De ferslachjouwers sille de listlûkers mar ek oare minsken fan politike partijen befreegje oer wat de partijen dwaande hâldt en wat der spilet yn de gemeenten. Dan giet it benammen oer de weryndieling. Binne dit bygelyks de lêste ferkiezings fan in gemeente yn dizze opset en hoe komt it mei de leefberens yn de doarpen op it plattelân. Mar der sil ek oandacht wêze foar de jongerein binnen de gemeentepolityk.

Fan moandei 10 maart oant 'e mei tiisdei 18 maart sille de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sân dagen troch de provinsje fleane om in goed byld te jaan fan de gemeenteriedsferkiezings. Dit is yn it programma Aktueel tusken 06.00 en 09.00 oere, tusken 12.00 en 14.00 oere en 16.00 en 18.00 oere.

Listlûker Tom Bakker fan de SGP

Listlûker Roelof Bos fan it CDA

Listlûker Liekele de Boer fan Lagere Lasten Dantumadiel

Harkje nei It each fan Eelke

Share this page on:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)