Omnium van 05-Septimber-2013_11-00

Yn Omnium is hjoed boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean in oere te gast. Hoe befalt it dizze populêre bestjoerder op It Fean, nei syn perioade yn Achtkarspelen? En hoe stiet it mei it imago fan It Hearrenfean? Dat wie wakker posityf, mar sportyf wie/is der soad te rêden by de SC en Thialf en bestjoerlik leit de jildkrapte de gemeente swier op 'e mage…
Fierder nimme we it nijs fan de dei troch en hearre we muzyk fan syn foarkar.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)