Omnium fan19 juny 2013

Remco Dijkstra wie psychiater yn oplieding, doe't er in wrâldreis makke. Hy skreau der in hiel persoanlik boek oer. Yn Omnium fertelt hy wêrom.

Fan it Oerolfestival op Skylge ôf hearre we mear oer de spanning tusken lânskip en arsjitektuer.

En neffens is CPB kinne we better wachtsje op ekonomysk bettere tiden, mei it bouwen fan wynmûnen. Dêrmei lykje de plannen foar trije wynmûneparken oan de râne fan ús provinsje, minder needsaaklik. Wat fine jo, moat de bou al of net trochgean? Yn de Reade Tried reageart Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje.

Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)