Omnium fan tiisdei 5 febrewaris

Skoallen moatte gau ophâlde mei de CITO-toets. Dat fynt Pier Bergsma, âld-direkteur fan in basisskoalle. De toets is te bepalend wurden. We prate hjiroer yn de Reade Tried. Is de CITO-toets in goed middel om it nivo fan bern te mjitten? Of moatte juffen en masters wer sels bepale nei hokker middelbere skoalle harren learlingen geane, lykas eartiids? Fansels binne wy ek benijd nei jo miening.

Fierder: in Ipad foar dialyzepasjinten, of in boksbal foar bern dy't oan it revalidearjen binne. It binne beskieden winsken, mar it kostet jild. Soarchfersekerder De Friesland lit fiif fan dizze winsken útkomme.

En yn de Rige: karnaval wurdt ek yn ús provinsje fierd. Dizze wike meitsje wy in omgong lâns fiif Fryske karnavalsferienings, om te hearren as harren 'Prins' der al klear foar is.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)