Omnium fan 8 maart

Hjoed yn Omnium: Sake Roodbergen fertelt oer ljippen. Alwer ljippen?! Ja seker, mar dit binne hiele bysûndere. Want der binne ferskate soarten ljippen, dy't oeral op 'e wrâld libje. Roodbergen is de gearstaller fan in boek oer dizze prachtige bistjes.

Ek hearre wy Germ Stenekes mei it ljipaaiwaarberjocht.

Hjoed de lêste ôflevering yn de Rige fan dizze wike: froulju yn de bou.

En fansels binne wy wer op 'e freedsmerk om oer it nijs fan 'e dei te praten.

Harkje dus nei Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)