Omnium fan 8 maaie

Jonges en famkes moatte skieden les krije. Dat klinkt âlderwetsk. Dochs is dat it foarstel fan histoarika Angela Crott dy't krekt it boek Jongens zijn 't skreaun hat. Jonges binne no ienkear boartliker en dêrom is apart ûnderwiis better. Wy prate mei ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

En: de Rabobank hat ferlet fan IT-ers. De bank hat hûnderten fakatueres foar minsken dy't oplaat binne om saneamde 'cyberoanfallen' ôf te slaan. Mar dy binne hast net te finen...

Fansels wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries.

En noch folle mear, yn Omnium. Mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)