Omnium fan 8 april

De Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad falle sûnt in wike moarns yn de bus. Hoe befâlt dat? We freegje it lêzers en we prate mei Evert van Dijk, adjunkt haadredakteur fan it Dagblad van het Noorden, al mear as 10 jier in moarnskrante.

Reklameman Wytze Visser fertelt wêrom in ûntploffende flesse it frisdrankmerk Exota de nekke omdraaide.

En: Lars Andersson is te gast. Hy skreau in boek oer keninginne Beatrix, en makke har sels ek fan tichtby mei tidens syn wurk by de NOS.

Dat, en mear yn Omnium. Roelof Lousma presintearret, harkje dus! Tusken 11 en 12.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)