Omnium fan 6 maaie

De muzykredaksje hat wer tige har bêst dien om de nijste ferskes foar ús út te sykjen. Hjoed binne se te hearren yn Omnium.

Yn de Rige fan dizze wike is Nyk de Vries werom mei syn minútsjes. Hjoed sil it gean oer húshimmeljen.

En tsjinwurdich stapt de iene nei de oare boargemaster op. Is it no echt sa'n hûnebaan, of leit it oan wat oars? Wy diskusjearje hjiroer mei âld-boargemaster Titia Lont. Jo kinne ek meidwaan en jo miening hearre litte yn de Reade Tried.

Alve oere Omnium, mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)