Omnium fan 6 july 2012

Fansels ek yn Omnium omtinken foar de besite fan keninginne Beatrix oan it súdwesten fan ús provinsje.
Willem Haanstra fertelt oer de lêste Boalserter boer, Corrie de Groot .
Yn de rige Apen en Bearen, weryn't twa ferslachjouwers besykje te oerlibjen yn de Fryske natoer, hjoed de lêste tariedings.

Fierder hifkje wy de mienings op de freedsmerk
en yn de rubryk Nijsgjirrich: ús eigen drafhynder Derek.

Presintaasje: Karen Bies.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)