Omnium fan 5 april

Saken as jild, enerzjy en en iten steane te fier fan ús ôf. Dat sei wethâlder Isabelle Diks woansdei yn de Leeuwarder Courant. Har idee? Sels mear iten ferbouwe, tichtby hûs. Yn Omnium is de wethâlder te gast.

Yn de Rige foar de lêste kear in ferhaal oer wenfoarm 'De Gouden Bal'.

En: ynternetbankiere, fertrouwe jo it noch? Nei alle berjochten oer ynternetkriminaliteit, wie der fan 'e wike in grutte steuring by de ING. Hoe kwetsber is it systeem? Wy prate deroer mei Wouter Stol, lektor cybersafety oan de NHL yn Ljouwert.

Dizze en oare ûnderwerpen binne allegear te hearren yn Omnium. Harkje dus! Presintaasje: René Koster.

Messi is kwyt

Trije wike lyn is Messi ûntsnapt yn de Grutte Wielen by Ljouwert.
Messi kaam ein jannwaris by syn baaske yn Ljouwert wenjen. Sy hat him adoptearre fia ALAS Rescue Team. Hy komt út Spanje en it ALAS Rescue Team socht in nij thús foar him yn Nederlân. Messi is al in pear kear sjoen yn de Lytse en Grutte Wielen. Hy is skou en is dreech te pakken. As minsken him sjogge moat se net besykje him te pakken, mar belje mei ALAS Rescue Team tel.06 18470577 of 06 43485148 www.alas-rescueteam.nl

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)