Omnium fan 4 juny

Yn in rige reportaazjes en petearen jout Omnium omtinken oan it ôfskaffen fan it molkkwotum yn 2015. Boeren meie dan safolle molke produsearje as se wolle. Hjoed geane we earst werom yn de tiid, nei de jierren tachtich. Doe waard der foar it earst praat oer it beperken fan de molkeproduksje...

Yn de rige lêst Geartsje de Vries har dochter foar.

En wurkjouwers witte net goed hoe't se mei har mantelsoargjende personiel omgean moatte, docht bliken út ûndersyk fan fakbûn CNV. Wylst it foar sawol de wurkjouwer as de wurknimmer folle better is, as je der mei elkoar ôfspraken oer meitsje. Dêroer prate we mei Henny Stroes, sosjaal wurker op it mêd fan mantelsoarch by Welzijn Centraal yn Ljouwert.

Omnium is der wer om 11 oere, mei Roelof Lousma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)